Palisse Reisgids HILGELAN


(Klik om te fergrutsjen)




(Klik om te fergrutsjen)





T.P.R. de Jong

210 siden
Full colour, 110g
105 x 200 mm
ISBN: 978-90-821-23777

Welkoam iip Lunn!

Dizze gids is in nea earder byinoar brochte skatkeamer: geology, prehistoaryske fynsten, oerâlde ferhalen, ferdwûne timpels en goaden, iuwen striid, rûge piraterij, ferneatiging en weropbou. De rykdom oan floara en fauna binne oars al genôch reden om ôf te reizgjen: nearne oars kinne seefûgels en seehûnen sa benei kommen wurde as hjir. En wat te tinken fan belêstingfrij winkelje yn gesellige en folslein autofrije strjitsjes?

Mar op it hjoeddeiske Hilgelân bart safolle mear, tink oan it biologysk ûndersyksynstitút, fleanerij, de wynyndustry en sylregatta's. Derneist hat Hilgelân, ea it ferbliuwplak fan de legindaryske kening Redbad, foar Friezen in bysûndere betsjutting. Der is in eigen Fryske taal besibbe oan dy fan ús en in rykdom oan tradysjes. Wat it doel fan de reis ek is, dizze gids is der net by te missen!

Fraachpetear mei de skriuwer (Ljouwter Krante, 18 Oktober 2019).

In priuwke (copyright Palisse): It Hilgelanner koper, Iere skiednis en Twadde Wrâldkriich.
Hjir te te keap. Sjoch ek ris nei ús oare boeken --->
















Werom nei haadside




Realisatie: Palisse